Home » Sports » Fryslân DOK: De ferswijde dessa - Bern fan Indiëgongers fertelle

Fryslân DOK: De ferswijde dessa - Bern fan Indiëgongers fertelle

Written By Omrop Fryslân on Sunday, Mar 13, 2016 | 06:30 AM

 
Mear as achttûzen Fryske soldaten nimme yn it twadde part fan de jierren fjirtich diel oan de polisjonele aksjes yn Nederlânsk-Ynje. Foar in soad fan harren sille it traumatyske jierren wurde. Dat is te lêzen yn ‘Op klompen troch de dessa’ fan auteur Hylke Speerstra. De útjefte fan it boek soarget yn 2014 foar in weach oan reaksjes, benammen fan bern fan ‘Indiëgongers’ dy‘t yn de ferhalen fan Speerstra harren eigen heit werkenne. In heit dy’t boppe-al swijde oer it ferline yn Nederlânsk-Ynje. Yn de Fryslân DOK ‘De ferswijde dessa’ giet Hylke Speerstra op syk nei de ferhalen fan bern fan ‘Indiëgongers’. Ferhalen dy’t stik foar stik dúdlik meitsje dat it ferline fan goed santich jier tebek noch hieltyd libbet en net ferwurke is.